Ôflevering 2: Taal
Episode 2 of the Testamint fan de siel podcast, hosted by Leeuwarder Courant, titled "Ôflevering 2: Taal" was published on November 24, 2023 and runs 52 minutes.
November 24, 2023 ·52m · Testamint fan de siel
Episode Description
Yn ôflevering 2 fan podcast Testamint fan de siel fertelt Hylke Speerstra wat taal foar him betsjut. Emigranten fine inoar yn it nije lân troch de memmetaal dy’t se diele; taal iepenet doarren. Ek uteret Hylke syn soargen oer de status fan it Frysk. En hoe giet er as skriuwer einst om mei kommentaar op syn taalgebrûk? Fynt er dat alles skreaun wurde moatte kin?
Nei syn sjoernalistike karriêre stoarte Hylke Speerstra him op 60-jierrige leeftiid folslein op it skriuwen fan boeken, lykas It wrede paradys en De oerpolder. Testamint fan de siel is de titel fan syn alderlêste boek, mar it is ek wat dizze podcast is: in testamint fan Hylkes siel. Gewoanwei fertelt er de ferhalen fan oaren, mar no jout er himséls bleat. Noch ien kear fertelt Hylke alles wat er Fryslân efterlitte wol.
See Privacy Policy at https://art19.com/privacy and California Privacy Notice at https://art19.com/privacy#do-not-sell-my-info.
See omnystudio.com/listener for privacy information.