Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum podcast artwork

PODCAST · news

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.

  1. 122

    It Nijsfoarum mei Johannes Kramer, Hetty Janssen en Luciënne Boelsma

    * Johannes Kramer (FNP), boargemaster fan Noardeast-Fryslân; * Hetty Janssen (Pro), Earste Keamerlid; * Luciënne Boelsma (CDA), Twadde Keamerlid (en lid fan de fêste ploech Nijsfoarumleden)  

  2. 121

    It Nijsfoarum mei Wieke Goudzwaard, Ankie Speel-Bakker en Onno Falkena

    Neiprate oer de gemeenteriedsferkiezings mei Wieke Goudzwaard (CDA Ljouwert), Ankie Speel-Bakker (Heerenveen Lokaal) en polityk sjoernalist Onno Falkena

  3. 120

    It Nijsfoarum mei Luciënne Boelsma, CDA (Twadde Keamer), Mark de Boer, S!N (NEF) en Armin Krijgsman, FvD (DFM)

    It nijsfoarum mei oan tafel: Luciënne Boelsma, CDA Twadde Keamerlid; Mark de Boer, listlûker S!N Noardearst-Fryslân; Armin Krijgsman, listlûker Forum voor Democratie, DFM.

  4. 119

    It Nijsfoarum mei: Hanna van der Werff, Jan Willem Tuininga en Pieter Reitsma

    It Nijsfoarum mei oan tafel trije listlûkers foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 18 maart. Hanna van der Werff, listlûker SAM Waadhoeke; Jan Willem Tuininga, listlûker FNP Ljouwert; Pieter Reitsma, listlûker Ooststellingwerfs Belang.

  5. 118

    it Nijsfoarum mei Maarten Goudzwaard, Debbie Kruit en Rommy Kempenaar

    Yn it nijsfoarum hjoed Maarten Goudzwaard (2e keamerlid foar JA21), Rommy Kempenaar (wethâlder en listlûker foar sociaal links yn Dantumadiel) en Debbie Kruit (listlûker VVD yn Súdwest Fryslân). De petearen en diskusjes gean oer de Odido hack, keapsnein, de 'bruinhemd' kwesje yn Súdwest Fryslân, drugslabs op it plattelân, de regeldruk en de AOW plannen fan it kabinet.

  6. 117

    It nijsfoarum fan Buro de Vries

    De wiken foar de gemeentelike ferkiezings komme we alle wiken yn 'e kunde mei twa listlûkers út de ferskate gemeenten. Hjoed binne dat Julie Bruijnicx, se is listlûker foar D'66 yn Ljouwert. En Pieter van der Zwan, hy is listlûker foar de Christen Unie yn de gemeente Smellingerlân. En ús fêste foarumlid en Twadde Keamerlid foar de VVD is Harry Bevers. Fansels ha we it oer lokale saken mar ek oer ûntwikkelingen yn Nederlân en de wrâld.

  7. 116

    it nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Jamal al Sari en Anneke Oosterwoud

    It nijsfoarum bestiet dizze kear út Aant Jelle Soepboer fan de FNP, Anneke Oosterwoud (listlûker Opsterlâns Belang) en Jamal al Sari (listlûker SP yn Smellingerlân. Under lieding fan Geartsje de Vries prate de foarumleden oer - riedsleden dy't te krijen ha mei agressy en yntimidaasje - de fergoeding foar politike ambtsdragers - it kabinet Schoof, hoe sjogge we der op werom - it kabinet Jetten, wat ferwachtsje we - Thialf as mooglike Olympyske lokaasje - de Olympyske spelen

  8. 115

    It Nijsfoarum mei Dineke Wagenaar, Chris van Hes en Lucienne Boelsma

    It Nijsfoarum fan 8 febrewaris mei as gasten oan tafel: Dineke Wagenaar, listlûker VVD Tytsjerksteradiel; Chris van Hes, listlûker FNP yn de gemeente De Fryske Marren; Lucienne Boelsma, CDA-Twadde Keamerlid

  9. 114

    Nijsfoarum Buro de Vries 1 febrewaris 2026

    Oer it nije koalysjeakkoart, mear lûd op de fleanbasis fan Ljouwert, in ferbod op sosjal media foar jongeren en in mislearre striid foar mear gasbaten, diskusearje Marieke Vellinga, Twadde Keamerlid fan D66, Rick Saton, lislûker fan de nije partij Lokaal Rechts yn Weststellingwerf en Sikko Klaver, listlûker fan GB 058, de fúzje fan Gemeente Belangen en Lijst 058. 

  10. 113

    It nijsfoarum fan Buro de Vries fan 25 jannewaris 2026

    Hjoed te gast Fokke Terpstra fan Winaam, listlûker fan D66 yn de gemeente Harns. Ankie Speel Bakker is de listlûker foar Heerenveen Lokaal en ús fêste gast om de pear wike is Twadde Keamerlid foar Grien Links\PvdA Habtamu de Hoop.

  11. 112

    It Nijsfoarum mei Sybrig Sytsma (GL/PvdA), Jelmer de Groot (BBB) en Wieke Goudzwaard (CDA)

    Oan tafel trije kandidaten foar de riedsferkiezingen fan 18 maart: * Sybrig Sytsma, listlûker GL/PvdA Hearrenfean; * Jelmer de Groot, listlûker BBB yn Súdwest-Fryslân; en as fêst foarumlid: * Wieke Goudzwaard, fraksjefoarsitter en nûmer twa op de list fan it CDA yn Ljouwert.

  12. 111

    it nijsfoarum mei Maarten Goudzwaard, Geertje Schoorstra-Boeijenga en Tjibbe Brinkman

    Yn it nijsfoarum nimme plak: Maarten Goudzwaard, twadde keamerlid foar JA21, Geertje Schoorstra-Boeijenga listlûker foar it CDA yn Noardeast Fryslân en Tjibbe Brinkman, wethâlder yn Achtkarspelen en ek listlûker foar de FNP yn dy gemeente. Under lieding fan Geartsje de Vries prate de foarumleden oer: Amearika en it belied fan Trump, de winter yn Nederlân en de problemen op Schiphol, it spoar en de wei en oer de gaswinning op de Noardsee boppe Flylân.

  13. 110

    It nijsfoarum fan 21 desimber 2025

    Yn it nijsfoarum te gast: Abel Kooistra - deputearre Harry Bevers - Twadde Keamerlid VVD Geeske Holtrop - riedslid Kleurrijk Fryske Marren   We besprekke lânbouperikelen, Oekraine en oare aktualiteiten

  14. 109

    It Nijsfoarum mei Idske Koopmans, Tjebbe van der Meer en Aant-Jelle Soepboer

    Oan de Nijsfaorumtafel beprate trije gasten it nijs fan wike út Frysk perspektyf. Ditkear mei: *Aant-Jelle Soepboer, FNP-listlûker TK 2025; *Tjebbe van der Meer, fraksjefoarsitter CDA yn de gemeente Smellingerlân (en ek listlûker GR 2026); * Idske Koopmans, GrienLinks-fraksjefoarsitter yn de gemeente Súdwest-Fryslân (en nûmer 2 foar GR 2026)

  15. 108

    It nijsfoarum mei Habtamu de Hoop, Romke de Jong en Avine Fokkens

    Yn it nijsfoarum prate boargemaster Avine Fokkens fan Hearrenfean, âld twaddekeamerlid Romke de Jong (d66) en GrienLinks/PvdA twadde keamerlid Habtamu de Hoop oer de kabinetsformaasje dy't yn in ympasse sit. En ek de regeldruk yn Nederlân werby't gemeenten gauris tsjinoer de boargers stean en fuotbalfandalisme komt oan bod. 

  16. 107

    It nijsfoarum fan Buro de Vries fan 25 novimber 2025

    Yn it nijsfoarum besprekke Fred Veenstra (boargemaster Smellingerlân), Ellen de Bruin (Dolle Mina) en Jacques Monasch(âld PvdA Twadde Keamerlid foar de PvdA) it nijs fan de ôfrûne wike. De ûnderwerpen binne ûnder oaren de druk op lokale politisi, Orange the World, de útspraken fan minister Keijzer oer de NOS en Oekraine.

  17. 106

    It Nijsfoarum mei Juli Bruijnincx, Geesje Duursma en Ate Eijer

    It Nijsfoarum mei: Juli Bruijnincx, fraksjefoarsitter D66 yn de rie fan Ljouwert; Geesje Duursma, gastvrijheidseconoom; en  Ate Eijer, fraksjefoarsitter FNP yn de rie fan It Hearrenfean

  18. 105

    it nijsfoarum mei Jaap Stalenburg (PvdA), Wieke Goudzwaard (CDA) en Ronald Dijksterhuis (JA21)

    It nijsfoarum stiet dizze kear ûnder lieding fan Geartsje de Vries en bestiet út CDA fraksjefoarsitter yn de ried fan Ljouwert Wieke Goudzwaard, PvdA steatelid Jaap Stalenburg en JA21 fraksjemeiwurker Ronald Dijksterhuis. De foarumleden diskusearje oer de formaasje ûnder lieding fan Sybrand Buma yn Den Haach, de gearstalling fan de nije twadde keamer, de swiere heechspanningskabel dy't troch Fryslân komt, it Sinterklaassjoernaal en de fúzje fan Grien Links en de PvdA.

  19. 104

    It nijsfoarum fan Buro de Vries 9 novimber 2025

    Yn it nijsfoarum besprekke Piet Fortuin, foarsitter fan it CNV, Jan Arendz, foarsitter fan de FNP en Roel Sluiter, âld boargemaster fan Harns en listtriuwer foar PvdA Grien Links yn Harns by de gemeenteriedsferkiezings it nijs fan de ôfrûne wike.

  20. 103

    It Nijsfoarum mei Betty de Boer, Bearn Bilker en Romke de Jong

    It Nijsfoarum besprekt de ferkiezingsútslach en it oare nijs fan 'e wike, mei oan tafel: -Betty de Boer, eader keamerlid foar de VVD; -Romke de Jong, earder keamerlid foar D66; en -Bearn Bilker, âld-boargemaster en CDA-bestjoerder.

  21. 102

    It nijsfoarum mei Wieke Goudzwaard, Ate Bouma en Hanneke Goede

    Yn it nijsfoarum fan buro de Vries prate Wieke Goudzwaard (fraksjefoarsitter CDA gemeenteried Ljouwert), Ate Bouma (nûmer 7 op de kandidatelist foar de FNP) en Hanneke Goede (steatelid en nûmer 30 op de kandidatelist foar de SP) oer de kommende twadde keamerferkiezingen. It giet oer de debatten dy't fierd wurde, de peilingen dy't hyltyd wer útbrocht wurde, de kampanje dy't fierd wurdt en ek oer ferkiezingtéma's as de regio en migraasje.

  22. 101

    It nijsfoarum fan Buro de Vries oer ferkiezings

    Yn Buro de Vries diskusearje de trije keamerleden en kandidaten by de ferkiezings oer ferskate tema's. Lykas migraasje, wenjen en soarch.   Eddy van Hijum - listlûker NSC Max Aardema - nûmer 27 op de list fan de PVV Habtamu de Hoop - nûmer acht op de list fan Gr.Links-PvdA

  23. 100

    It nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Wieke Paulusma en Jelmer de Groot

    It nijsfoarum debatearret ûnder lieding fan Geartsje de Vries foaral oer de ferkiezingtéma's. Oan tafel sitte FNP listlûker Aant Jelle Soepboer, D66 keamerlid Wieke Paulusma en Jelmer de Groot, de nûmer 26 op de list foar de BBB. Se prate koart even oer it bestân yn Gaza en dêrnei giet it foaral oer de ferkiezingen. Hoe fierst kampanje as't net oanskowe meist by de grutte debatten, hoe wolle de ferskate partijen de wenkrisis oanfleane en hoe wolle se omgean mei migraasje. 

  24. 99

    It Nijsfoarum mei Luciënne Boelsma (CDA), Daan Olivier (GL/PvdA) en Fasil Kuipers (FNP)

    It Nijsfoarum mei trije Fryske kandidaten oan tafel foar de Twadde Keamer-ferkiezingen fan 29 oktober. - Luciënne Boelsma (CDA, nûmer 14), - Daan Olivier (GL/PvdA, nûmer 44) en - Fasil Kuipers (FNP, nûmer 9)

  25. 98

    It nijsfoarum fan Buro de Vries op 28 septimber 2025

    We besprekke de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Mei de folgjende gasten: Amarins Geveke - saaklik lieder Ivgi en Greben, haadredakteur De Moanne en earder fraksjefoarsitter fan de VVD op Skylge Maarten Goudzwaard - steatelid Ja '21 en fraksjemeiwurker Twadde Keamer Ja '21 Femke Molenaar - riedslid Grien Links Ljouwert en Dolle Mina ûnderwerpen: kultuur yn Fryslân rjochtsektremisme geweld tsjin AZC's gaswinning yn Grinslân

  26. 97

    It Nijfoarum mei Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, Wiebe Strikwerda en Jaap Stalenburg

    In Nijsfoarum besprekt it nijs fan 'e wike fanút Frysk perspektyf, mei hjoed oan tafel: * Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, europarlemintariër foar D66; * Wiebe Strikwerda, CDA-wethâlder Dantumadiel; * Jaap Stalenburg, steatelid PvdA.

  27. 96

    It nijsfoarum mei Harry Bevers, Hendrik van Doezum en Jelke Nijboer

    It nijsfoarum fan Buro de Vries bestiet dizze kear út twadde keamerlid foar de VVD Harry Bevers, skiednisdosint en kollumnist Hendrik van Doezum en wethâlder Jelke Nijboer fan Eaststellingwerf. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer de kommende ferkiezingen, de moard op Charlie Kirk en de reaksjes dêr op fan presidint Trump, de dosint fan it Bornego kolleezje op it Hearrenfean dy't oer dy moard twittere, en oer de soevereinen: minsken dy't fine dat se har net oan de wet hoege te hâlden. 

  28. 95

    It Nijsfoarum mei Eke Folkerts, Hetty Janssen en Jan-Willem Tuininga

    Oan tafel sitte ditkear: Eke Folkerts, deputearre foar de BBB; Hetty Janssen, Earste Keamerlid GrienLinks/PvdA; Jan-Willem Tuininga, fraksjefoarsitter FNP-Ljouwert.

  29. 94

    It nijsfoarum mei Jan Arendz, Rommie Kempenaar en Wieke Goudzwaard

    It Nijsfoarum fan 22 juni 2025 mei: Wieke Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeenterie fan Ljouwert; Jan Arendz, foarsitter fan de FNP; Rommy Kempenaar, wethâlder foar Sociaal Links Dantumatiel en PvdA-lid.

  30. 93

    It Nijsfoarum mei Mariska Rikkers, Jaap Stalenburg en Jacques Monasch

    It Nijsfoarum mei Twadde Keamerlid Mariska Rikkers fan de BBB, PvdA-steatelid Jaap Stalenburg en en âld-PvdA-keamerlid Jacques Monasch

  31. 92

    It nijsfoarum fan 8 juny 2025

    We sitte yn in bestjoerleas lân, Fryslân stapt út de noardlike lobbyklup SNN en meie we no aanst ek net mear koppe? It binne in pear ûnderwerpen yn dit nijsfoarum. En dat we mei trije gasten. Piet fortuin, hy is foarsitter fan fakbûn CNV. Betty de Boer, âld twadde keamerlid en direkteur fan Spirits.nl. En fêst foarumlid en riedslid foar de FNP yn Ljouwert Jan Willem tuininga.

  32. 91

    It Nijsfoarum mei Ojanne Chang, Aant Jelle Soepboer en Harry Bevers

    It nijs fan de wike besprutsen troch: Ojanne Chang, fraksjefoarsitter fan D66 yn de gemeenterie fan it Hearrenfean; Harry Bevers, Twadde Keamerlid foar de VVD; Aant Jelle Soepboer, Twadde Keamerlid foar NSC;

  33. 90

    It nijsfoarum fan snein 25 maaie 2025

    Hjoed te gast foarsitter fan VNO/NCW Noord Sieger Dijkstra, Hein Kuiken wethâlder fan de gemeente Ljouwert en Aukje de Vries, Twadde keamerlid fan de VVD. We besprekke gemeenten en Gaza, it stikstofdebat, SGP en froulju en betinke Hans Wiegel.

  34. 89

    It nijsfoarum mei Ina Sjerps, Maarten Goudzwaard en Habtamu de Hoop

    Yn it nijsfoarum dizze kear boargemaster Ina Sjerps fan Harns, Maarten Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan JA21 yn Provinsjale Steaten en Habtamu de Hoop, Twaddekeamerlid fan GroenLinks-PvdA. Boargemaster Halsema fan Amsterdam spruts har dizze wike út  Gaza. Moatte gemeenten har wol bemuoie mei ynternasjonale polityk? De koalysje woe de hieren bevrieze. Mar is dêr wol goed oer neitocht? En it sikehus fan Snits leit in bom under de fuzje mei Hearrenfean en de plannen foar in nij sikehus op de Jouwer. Ferstannich of koartsichtich? Fierder: it opinystik fan Noardelike bestjoerders oer de Lelyline en it definitive ôfskied fan Pieter Omtzigt as lid fan de Twadde Keamer. Soe syn partij, NSC, dat wol oerlibje? 

  35. 88

    It Nijsfoarum mei Sybe Knol, Wieke Goudzwaard en Hendrik Atze van Doezum

    It nijsfoarum bestiet út deputearre Sybe Knol (FNP), CDA fraksjefoarsitter Wieke Goudzwaard fan Ljouwert en skiednisdosint Hendrik Atze van Doezum. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer: - de nije beskermingsstatus fan de wolf - wol of net alkohol tastean yn de Prinsetún - Minister Faber dy't gjin útstapkes mear wol foar bern fan in AZC - De fiering fan 80 jier frijheid - memmedei en giftige blommen  

  36. 87

    It Nijsfoarum mei de boargemasters fan Ljouwert, It Hearrenfean en Achtkarspelen

    It spesjale 4 maaie-Nijsfoarum mei trije Fryske boargemasters, te witten: Avine Fokkens fan It Hearrenfean, Sybrand Buma fan Ljouwert en Jouke Douwe de Vries fan Achtkarspelen.

  37. 86

    It nijsfoarum fan 27 april 2025

    De kommende oere hearre we de mieningen fan trije foarumleden oer de nijsfeiten fan de ôfrûne wike. Hjoed te gast riedslid foar Nieuw Sociaal yn Sudwest Fryslan, Jacoline Engelmoer, Riedslid yn Ljouwert en direkteur fan Tumba Mirka antolovic en fêst foarumlid en riedslid yn Ljouwert, Jan Willem Tuininga. We beprate keningsdei, lintsjesrein, wenningbou, de paus en diskriminaasje.

  38. 85

    It nijsfoarum mei Harry Bevers, Dieuwke Bakker en Idske Koopmans

    It nijsfoarum bestiet op dizze 20ste april út VVD Twadde Keamerlid Harry Bevers út Ljouwert,BBB Steatelid Dieuwke Bakker út Menaam en Idske Koopmans út Heech, sunt 2022 fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Súdwest-Fryslan. Under lieding fan Jan Dirk de Haan diskusearje hja ûnderoaren oer it hommels opstappen fan Pieter Omtzigt út de NSC-fraksje, it resultaat fan 25 oeren nonstop ûnderhanneljen oer de maitiidsnota yn Den Haag, it stikken slaan fan it sparpotsje foar de Lelylijn en tsjustere wolken boppe yllegale boeren yn Fryslan.  

  39. 84

    It nijsfoarum mei Jouke van Dijk, Hanneke Goede en Bearn Bilker

    It nijsfoarum wurdt foarme troch twa mannen en ien frou: Hanneke Goede, steatelid foar de SP, Bearn Bilker, âld boargemaster en Jouke van Dyk, heechleraar Regionale Arbeidsmerkanalyse oan de RUG en foarsitter fan de Sociaal Economische Raad Noord Nederland. Under lieding fan Geartsje de Vries prate de trije gasten oer de handelsoarloch, bern thús hâlde fan skoalle, de djoere boadskippen, aksjefiere troch XR en oer ynfestearringen fan de NOM, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij.  

  40. 83

    It Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Durk Durksz en Jacob IJsselstein

    It nijs fan de wike besprutsen troch: Aukje de Vries, Twadde Keamerlid foar de VVD; Durk Durksz, FNP-wethâlder fan Opsterlân; en Jacob IJsselstein, Fryske kar-lûker foar BBB-jong en BBB-kommisjelid yn de Fryske Steaten.  

  41. 82

    It nijsfoarum fan 30 maart 2025

    Yn it nijsfoarum  besprekke we it nijs fan de ôfrûne wike mei Twadde Keamerlid foar Grienlinks/PvdA Habtamu de Hoop, steatelid foar BBB Natalie Nauta en sjoernalist en skriuwer Auke Zeldenrust. Oer it fjoerwurkferbod, de wolf, LHBTI en Amerika en de plannen fan steatssiktaris Coenradie om finzenen twa wike earder frij te litten.

  42. 81

    It Nijsfoarum mei Marianne Poelman, Albert van Dijk en Jan-Willem Tuininga

    It Nijsfoarum mei hjoed oan tafel: * Marianne Poelman, PvdA-wethâlder Súdwest-Fryslân; * Jan-Willem Tuininga, FNP-fraksjefoarsitter Ljouwert; en * Albert van Dijk, selstannich riedslid yn Achtkarspelen en steatelid (eader foar FvD)

  43. 80

    It Nijsfoarum mei Mariska Rikkers, Jenny Douwes en Albert van der Ploeg

    It Nijsfoarum fan snein 16 maart, mei * Mariska Rikkers, Twadde Keamerlid foar de BBB; * Jenny Douwes, ûndernimster yn in mannewrâld; en * Albert van der Ploeg, boer en âld-CDA wethâlder .

  44. 79

    It nijsfoarum fan snein 9 maart 2025

    Yn Buro de Vries besprekke  Wieke Goudzwaard - riedslid CDA,  Patrick van 't Haar -sjoernalist Leeuwarder Courant en Aant Jelle Soepboer - Twadde Keamerlid NSC it nijs fan de ôfrûne wike. De ûnderwerpoen binne, Oekraine, jeugdsoarch en it útkeapjen fan boeren.

  45. 78

    It nijsfoarum mei Europarlemintariër Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66), Twadde Keamerlid Harry Bevers (VVD) en âld boargemaster Harry Oosterman (CDA)

    Europarlemintariër Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66), Twadde Keamerlid Harry Bevers (VVD) en âld boargemaster Harry Oosterman (CDA) diskusearje oer diplomatike rûzjes, fredesdeals, hannelstarieven en feilichheidsgaransjes.Komt it noch goed tusken Europa en Amearika? Fierder giet it ek oer de needgjalp fan rjochters, advokaten en ofsieren oer de steat fan de rjochtsteat en oer it Frysk op skoalle en yn de riedsseal yn Eaststellingwerf.

  46. 77

    It nijsfoarum mei keamerlid Harry Bevers (VVD), Europarlemintariër Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66) en âld boargemaster Harry Oosterman (CDA)

    It nijsfoarum oer diplomatike rûzjes, fredesdeals, hannelstarieven, feilichheidsgaransjes. Mar ek oer de oer de needgjalp fan rjochters, advokaten en ofsieren oer de steat fan de rjochtsteat. En oer it Frysk op skoalle en yn de riedsseal yn Eaststellingwerf. Wêrom rint de diskusje dêr yn de gemeenteried sa heech op? It foarum stiet ûnder lieding fan Jan Dirk de Haan 

  47. 76

    It nijsfoarum mei Sjoerd Keizer, Sjoerd Galema en Wieke Goudzwaard

    It nijsfoarum fan Buro de Vries diskussearret ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer - de plannen fan minister Wiersma om út de stikstofkrisis te kommen - de foarming fan in nije linkse partij - de situaasje yn de Oekraïne, de fredesûnderhannelingen, de rol fan Trump en de rol fan Europa it nijsfoarum bestiet út Wieke Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert Sjoerd Keizer, fraksjefoarsitter fan SIN yn Noardeast Fryslân Sjoerd Galema, âld deputearre (CDA) en boer yn Hartwert

  48. 75

    It nijsfoarum fan 16 febrewaris 2025

    Yn it nijsfoarum beprate  Christa Oosterbaan - fraksjefoarsitter PvdA steatefraksje,Gerard van Klaveren - âld boargemaster, âld deputearre VVD en Jan Willem Tuininga - FNP riedslid Ljouwert it nijs fan de ôfrune wike,  Oer de steaten yn wintersliep, fearboaten, asylbelied en Trump.

  49. 74

    it nijsfoarum mei Harry Bevers, Roel Sluiter en Dieuwke Bakker

    It nijsfoarum diskussearret ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer ynternasjonale, nasjonale en regionale fraachstikken. Oan'e oarder komme: - de plannen fan Trump mei Gaza - de nije konsesje foar de feartsjinst nei de Waadeilannen - Finzenen fjirtjin dagen earder frij fanwege it selletekoart - it ferbân tusken geitehâlderijen en longûntstekking

  50. 73

    It Nijsfoarum

    Charda Kuipers, fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn de Fryske steaten, Romke de Jong, âld-Twadde Keamerlid foar D66 en Onno Falkena, ferslachjouwer by Omrop Fryslân, sy foarmje it Nijsfoarum fan snein 2 febrewaris '25.

Type above to search every episode's transcript for a word or phrase. Matches are scoped to this podcast.

Searching…

We're indexing this podcast's transcripts for the first time — this can take a minute or two. We'll show results as soon as they're ready.

No matches for "" in this podcast's transcripts.

Showing of matches

No topics indexed yet for this podcast.

Loading reviews...

ABOUT THIS SHOW

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.

HOSTED BY

Omrop Fryslân

CATEGORIES

Frequently Asked Questions

How many episodes does Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum have?

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum currently has 50 episodes available on PodParley. New episodes are automatically indexed when they're published to the podcast feed.

What is Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum about?

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige...

How often does Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum release new episodes?

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum has 50 episodes. Check the episode list to see recent publication dates and frequency.

Where can I listen to Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum?

You can listen to Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum on PodParley by clicking any episode. We provide an embedded audio player for direct listening, and you can also subscribe via your preferred podcast app using the RSS feed.

Who hosts Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum?

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum is created and hosted by Omrop Fryslân.
URL copied to clipboard!