PODCAST · news
De Vrieske Wike Podcast
by Omrop Fryslân
Yn it programma De Vrieske Wike nimt presintator Roelof de Vries dy yn in oere mei yn de wrâld fan polityk út Fryslân en dêrbûten. Hy ûntfangt nijsgjirrige gasten dy't in wichtige rol spylje yn it nijs en op it politike fjild. In het programma De Vrieske Wike neemt presentator Roelof de Vries je in één uur mee in de wereld van politiek uit Fryslân en daarbuiten. Hij ontvangt nieuwsgierige gasten die in belangrijke rol spelen in het nieuws en op het politieke speelveld.
-
32
#31: Vrieske Wike: Buma: "Wat ik deze week in Den Haag zag, vond ik diep bedroevend"
"Er moet ontzettend veel gebeuren in Nederland en nu staan het land weer een jaar stil. Om hele kleine, politieke redenen werd het kabinet opgeblazen. Door één persoon." Dat seit boargemaster fan Ljouwert Sybrand Buma yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Buma wie 17 jier Twadde Keamerlid foar it CDA en wit hoe de Haagske hazzen rinne. Buma is te gast, tegearre mei boargeamaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân en Hayo Bootsma.
-
31
#30: De Vrieske Wike: "Froulju kinne net folweardich meidwaan oan de mienskip"
"Minsken meie leaue wat se leaue wolle. Mar wat hjir bard is dat de SGP systematysk froulju útslút op basis fan it âlde testamint fan de bibel." Fraksjefoarsitter Wieke Goudzwaard reagearret dêrmei yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân op de diskusje binnen de SGP oer de posysje fan de frou. Dy is wer dy't wer aktueel is no't in froulik riedslid út Seelân har ferkiesber stelle wol foar de Twadde Keamer. Fierder binne te gast: Habtamu de Hoop (PvdA), Hayo Apotheker (âld boargemaster en minster) en Earryt Sijens (presintator Fryslân Fannemoarn).
-
30
#29: Vrieske Wike: Kommissaris Arno Brok: "We meitsje elkoar hartstikke gek yn it publike debat"
"De kwestje yn Sint Anne moat oplost wurde troch de boargemaster, de mienskip en it AZC. Net troch minister Faber." Dat seit Kommissaris fan de Kening Arno Brok yn de Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Hy fynt dat it net helpt dat de kwestje rûnom 'it uitje nei de Efteling' safolle belangstelling krige fanút Den Haach seit er. Brok is te gast, tegearre mei Mirka Antolovic fan Tûmba en ferslachjouwer Johanna Brinkman.
-
29
#28: De Vrieske Wike: Jacobi oer Faber: "Net mear yn de krante, gewoan negeren dat minsk"
"Wêr bemouit dy Faber har mei? Meitsje my net lulk. It moat net mear yn de krante, net mear op televysje, gewoan negeare dat minsk." Dat seit âld PvdA-Keamerlid Lutz Jacobi yn De Vrieske Wike oer minister Marjolein Faber fan Asyl en Migraasje. De minister fynt dat jonge asylsikers út Sint Anne gjin útstapkes meitsje meie. Fierder is de gefangenis-direkteur fan Ljouwer Gino Tibboel te gast en skoot sjoernalist Auke Zeldenrust oan.
-
28
#27 De Vrieske Wike "It wie út de koälysje stappe of ús fraksje soe út elkoar klappe"
Dat seit fraksjefoarsitter Thea Smit-de Vries fan de ChristenUnie Dantumadiel yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Dy partij siet yn in koälysje mei Gemeentebelangen, Sociaal Links en SGP. Ek te gast famylje-ûnderfiningssaakkundige Sietske van der Weg, sy besiket de famyljes fan betize minsken te helpen. Dat docht se nei eigen sizzen troch 'te lústerjen en begryp te toanen'. En sjoernalist Jantine Weidenaar oer betinke en 80 jier fryheid. Presentaasje: Miranda Werkman
-
27
#26 De Vrieske Wike "Ik tink dat minister Wiersma mei de bêste bedoelingen har bêst docht foar de boerestân"
"Ik bin in posityf ynsteld minsk. Mar op dagen lykas hjoed, mei nijs dat gjin nijs is en wer gjin dúdlikheid oer de stikstofoanpak, dan wurdt it fertrouwen yn in goeie ôfrin der net better op."Dat seit bioboer Hans Kroodsma fan Jannum yn De Vrieske Wike. Kroodsma is ien fan de 180 Fryske PAS-melders dy't, bûten syn eigen skuld om, yllegaal is. Hy reagearret op de nijste stikstofplannen fan it kabinet. Oare gasten binne sjoernalist Onno Falkena en Annemarie en Pieter Smaling, sy krigen in lintsje foar it runnen fan opfanghûs "Het Huisgezin". Presentaasje: Miranda Werkman
-
26
#25 De Vrieske Wike: "Ik heb er slecht van geslapen"
"Ik vind het niet logisch, het is korte termijn." Dat seit boargemaster Avine Fokkens yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân oer it skrassen fan jild foar de oanlis fan de Lelylijn. Dat wurdt yn plak dêrfan brûkt foar in oare spoarferbining: De Nedersakenlijn. Te gast binne fierder Onno Falkena oer de Foarjiersnota en Jantine Weidenaar oer 80 jier befrijding fan Fryslân. Presintator is Roelof de Vries.
-
25
#24 De Vrieske Wike: "We hebben niet zoveel tanks dus misschien moeten we daar beginnen"
"Volgens ons is de situatie in de wereld zodanig veranderd dat we de uitgaven voor defensie flink moeten verhogen." Dat seit Twadde Keamerlid Harry Bevers (VVD) yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Syn partij pleitet foar in ferheging fan de útjeften foar definsje fan sa'n 22 miljard nei 38,5 miljard. De oare gasten b9inne Omrop Fryslân-ferslachjouwer Johanna Brinkman en de jongste wethâlder fan Fryslân Lisa Edema. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries.
-
24
#23 De Vrieske Wike: "Der is genôch reden om minister Wiersma koppich te neamen"
"Der sit wol in ferskil yn hoe't der praat wurdt oer manlike en froulike politisi." Dat seit antropolooch Anne-Goaitske Breteler yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Dêryn gie it ûnder oare oer minister Femke Wiersma fan lânbou. Dy sei dizze wike yn in Keamerdebat dat krityk op har karakter net frij wie fan seksisme. Oare gasten binne boargemaster fan Dantumadiel Anja Haga en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Onno Falkena.
-
23
#22 De Vrieske Wike: "Je moet elke dag klaar zijn, we voelen dat de dreiging dichterbij is gekomen"
'De situatie in de wereld laat zien dat het nodig is. Om met elkaar een vuist te maken om de afschrikking duidelijk naar buiten te brengen.' Dat seit kommandant Marcel van Egmond fan de Fleanbasis yn Ljouwert yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Moandei set de operaasje Ramstein Flag útein by de fleanbasis yn Ljouwert. 'Het is echt nodig dat wij trainen zoals wij uiteindelijk zouden moeten vechten. En dat is bij nacht.' Sjoernalist Hayo Bootsma en europarlementariër Raquel Garcia Hermida van der Wal binne de oare gasten. Presintaasje is yn hannen fan Miranda Werkman
-
22
#21 De Vrieske Wike: "Het gedrag van de directeur van het Fries Museum is te begrijpen"
Yn De Vrieske Wike binne te gast: Irma van Steijn, seksuolooch en psycholooch, bestjoerskundige Renske van der Tempel en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Wendy Kennedy. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries.
-
21
#20 De Vrieske Wike: "Wat ús oanbelanget gean we oer op behear fan de wolf. Sels as dat ôfsjitte betsjut."
"De emoasjes rûnom de wolf rinne heech op. Minsken binne benaud. Dat begryp ik. Mar op dit stuit is de wetlike romte om wat te dwaan minimaal. Dat is it earlike ferhaal." Dat seit deputearre Matthijs de Vries. Hy is te gast yn De Vrieske Wike. Tegearre mei Anne-Goaitske Breteler en Onno Falkena. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries.
-
20
#19: De Vrieske Wike: "Kinst wol skea oan it gehoar oprinne troch it lûd fan de F-35"
"In startende F-35 makket likefolle lûd as fiif F-16's. En in landende F-35 likefolle as tweintich F-16's." Dat seit Geert Verf yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Verf wennet yn Marsum en ferset him tsjin de lûdsoerlêst fan de fleanbasis by Ljouwert. De oare gasten binne âld-boargemaster Hayo Apotheker en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Hayo Bootsma.
-
19
#18: De Vrieske Wike: "Een rechter moet niet ongeloofwaardig worden en op een Pride-boot stappen"
"Een rechter moet onpartijdig zijn. Dat betekent in mijn ogen dat hij of zij zich niet met bepaalde maatschappelijke partijen moet verbinden." Dat seit Herman Hermans, âld-ficepresidint fan it gerjochtshôf yn Ljouwert, yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Hy reagearret hjirmei op it plan fan in tal rjochtbanken om mei te farren by de Pride-boateparade yn Amsterdam. Te gast binne ek bestjoerskundige Renske van der Tempel en Omrop-ferslachjouwer Auke Zeldenrust.
-
18
#17 De Vrieske Wike: "Minsken as Trump en Putin ha safolle macht, dy behannelje ús as binne wy neat"
"It wurdt tiid dat Europeeske jongerein massaal opstean. Dat se sizze, dit giet oer ús takomst, meitsje in goed plan foar de takomst fan Europa." Dat seit âld-Keamerlid Lutz Jacobi (PvdA) yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân wannear't it giet oer de oarloch op it Europeeske kontinint. Dat Ruslân en Amearika no mei syn beiden prate oer de takomst fan Oekraïne is gjin goede ûntwikkeling, fynt se. Njonken Jacobi sitte bestjoerder Erica Schaper fan Frisius MC en sjoernalist Lennard Jan Geerts te gast.
-
17
#16 De Vrieske Wike: "Iedereen is op zijn hoede. Ouderen zijn bang. Dat moet ophouden."
"Wat mij betreft kan de wolf het land wel uit. Die hoort hier niet meer." Fraksjefoarsitter Richard Bos fan de VVD yn Weststellingwerf is dúdlik. Nederlân is te lyts foar in populaasje wolven. Dat seit Bos yn de Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Njonken Richard Bos binne Omrop Fryslân-ferslachjouwer Johanna Brinkman en Mirka Antolovic fan Tûmba te gast.
-
16
#15: De Vrieske Wike: "De Waadeilannen binne gjin iepenloftmuseum"
"Fan stroomkabels oant fearboten en berikberens, ik moast it allegear yn fjouwer minuten proppe. Dêr ha je eins mear tiid foar nedich." Dat seit Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer (NSC) yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Fierder binne te gast: Raquel Garcia Hermida-Van der Walle en Onno Falkena.
-
15
#14: De Vrieske Wike: Lutz Jacobi stiet iepen foar nije partij: 'Ik tocht hé wat leuk, mar ek wat is hjir oan de hân'
As der in nije partij komt, stiet Lutz Jacobi dêr wol foar iepen. Dat seit se yn De Vrieske Wike. Twadde Keamerlid Haptamu de Hoop dropte dizze wike it idee foar in nije party. Jacobi kaam ek alris mei dat idee. "Ik waard ferguisd, mar miskien fine se my no wol wer leuk." Yn it programma binne fierder boargemaster Avine Fokkens-Kelder fan Hearrenfean en ferslachjouwers Casper Slotboom en Lennard Jan Geerts te gast.
-
14
#13 De Vrieske Wike: "It stikstofbeleid út Den Haach is om moedeleas fan te wurden. Dat nim ik se kwea ôf."
"Boerren moatte te hearren krije wat der fan se ferwachte wurdt. Dan kin se ek fierder mei harren bedriuw. Mar no is der gjinien dy't him dat fertelt." Dat seit jonge boer Hendrik Galema, foarsitter fan de Agraryske Jongerein Fryslân, yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Neist Galema binne ferslachjouwer Johanna Brinkman en PVDA-riedslid Mirka Antolovic te gast.
-
13
#12 De Vrieske Wike: "We hebben de AI-wedloop al verloren en raken alleen maar verder achterop in Europa"
"We moeten meer naar jonge mensen kijken en luisteren. Want we worden met elkaar wel heel snel grijs en heel snel oud." Dat seit ûndernimmer Ate van der Meer yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân as him frege wurdt om in advys oan minister-presidint Dick Schoof. Neist Van der Meer binne te gast: Raquel Garcia Hiddema-Van der Walle (Europarlementariër) en Onno Falkena (polityk ferslachjouwer Omrop Fryslân).
-
12
#11 De Vrieske Wike: Sybrand Buma: "Ik zou heel graag met pensioen gaan als burgemeester van Leeuwarden"
"Ik zou heel graag met pensioen gaan als burgemeester van Leeuwarden." Dat seit Sybrand Buma, dy't hopet dat hy kommend jier in ferlinging fan syn earste termyn as boargemaster fan de stêd kriget, yn De Vrieske Wike. Oare gasten binne dûmny Jan-Jaap Stegeman en CNV-foarsitter Piuet Fortuin.
-
11
#10: De Vrieske Wike: "Bezuinigingen onderwijs komen als een boemerang terug"
De besúnigings op it ûnderwiis komme as in boemerang wer werom. Dat seit Jantine Kuijpers fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert yn it programma De Vrieske Wike. Der wurdt op dit moment oerlein oer de ûnderwiisbegrutting, mar der is noch gjin akkoard. Te gast binne njonken Kuijpers ek polityk ferslachjouwer Onno Falkena en deputearre Abel Kooistra fan de BBB.
-
10
#9: De Vrieske Wike: "Problemen yn dit lân wurde net oplost salang de doar nei bûten iepen stiet"
"De problemen yn dit lân wurde net oplost salang de doar nei bûten iepen stiet." Dat seit Steatelid Jeffrey Graansma (PVV) yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Oan tafel waard ûnder oare praat oer de gefolgen fan de ferskate krisissen yn Nederlân en wat der oan dien wurde moat. Oare gasten binne polityk ferslachjouwer Casper Slotboom en bestjoerskundige Renske van der Tempel.
-
9
#8: De Vrieske Wike: "De PVV is gewoon een discriminerende partij"
"Het is gewoon een discriminerende partij. Je weet als NSC waar je instapt, waar je mee gaat samenwerken." Dat seit âld-boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean yn De Vrieske Wike oer it hjoeddeistige kabinet, dat fan de iene krisis yn de oare rûchelet. De oare gasten binne wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert en Omrop Fryslân-ferslachjouwer Hayo Bootsma.
-
8
#7 De Vrieske Wike: "It earste dat politisy ferjitte is harren geheugen"
"Ik bin der noch net gerêst op dat de ferheging fan de btw op sport en kultuer definityf fan tafel is." Dat seit haadredakteur Maarten Pennewaard fan de Ljouwerter Krante. Pennewaard ferwiist dêrby nei âld-premier Mark Rutte, dy't ferskate keren 'geen actieve herinnering' as ekskuus brûkte. "It earste dat politisy ferjitte is harren geheugen", konkludearret hy dan ek oer de belofte fan minister Heinen fan Finânsjes om de ferheging fan de btw kommend foarjier yn te lûken. Neist Pennewaard binne Maarten Goudzwaard (JA21) en deputearre Matthijs de Vries (CU) te gast.
-
7
#6: De Vrieske Wike: "Ik wol net it Keamerlid wêze dat herinnerd wurdt om Johan Derksen"
"Ik wol net it Keamerlid wêze dat herinnerd wurdt om Johan Derksen." Dat seit Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan PvdA-GrienLinks. It Keamerlid die syn útspraken yn De Vrieske Wike by Omrop Fryslân. Folle leaver wol hy de skiednis yngean as de politikus dy't him ynsette foar betelbere hierwenningen en goed iepenbier ferfier. Oare gasten binne heechlearaar Amerikaanske Studies Jelte Olthof en PvdA-fraksjefoarsitter fan Ljouwert Mirka Antolovic.
-
6
#5: De Vrieske Wike: "Laat Amelanders alsjeblieft hun traditie blijven spelen"
"Ik vind het jammer dat op deze manier de traditie van Ameland, het feest rondom Sunneklaas, in een slecht daglicht wordt gesteld. Laat Amelanders alsjeblieft hun traditie blijven spelen." Dat seit boargemaster Leo Pieter Stoel yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Hy reagearre dêrmei op de ophef dy't ferline jier ûntstie rûnom Sunneklaas, doe't in filmploech fan Powned it feest yn byld bringe woe. Fierder binne te gast Europarlementariër Raquel Garcia Hermida-Van der Walle en riedslid fan gemeente Ljouwert Carlijn Niesink.
-
5
#4 De Vrieske Wike: "Onze democratische rechtstaat is veel meer in gevaar dan we ooit konden denken"
"Onze democratische rechtstaat is veel meer in gevaar dan we ooit konden denken." Dat seit Eef van de Wiel, deken fan de oarder fan advokaten yn Noard-Nederlân. Van de Wiel is te gast yn it programma om te praten oer har soargen rûnom de rjochtsteat. Sa neamt sy it praten oer de ynset fan de needwet 'absurd'. Ek wiist sy op politike lieders út Italië en Hongarije, dy't yn eigen lân rjochters belachelik meitsje. Har eangst is dat we yn Nederlân ek dy kant op gean. Fierder prate we mei deputearre Friso Douwstra oer gaswinning en skoot sjoernalist Auke Zeldenrust oan.
-
4
#3 De Vrieske Wike: "We dogge krekt as ha we mar ien probleem yn Nederlân"
"Ik fyn dat it in diskusje wurdich is wêr we nei ta wolle mei demonstraasjes en tsjindemonstraasjes yn ús lân. Dan kin it net sa wêze dat je op sosjale media sette dat de boargemaster it lân mar út moat." Dat seit Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer (NSC) yn yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. Oare gasten yn it programma wiene âld-minister fan lânbou Hayo Apotheker en sjoernalist Onno Falkena. Presintaasje is yn hânnen fan Roelof de Vries.
-
3
#2: De Vrieske Wike: "As lokale bestjoerder ha we te krijen mei dagkoersen fanút it kabinet"
"It liket wol of ha we te krijen mei dagkoersen fanút De Haach mei de ministers en steatssekretarissen yn dit kabinet. Al ha ik it idee dat de Twadde Keamer him al werom fluite hat hjiroer." Dat seit wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân oer útspraken fan steatssekretaris Chris Jansen. Te gast binne ek Piet Fortuin fan it fakbûn CNV oer it vroegpensioen en boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân oer de komst fan in azc yn Dokkum.
-
2
#1 De Vrieske Wike: "Femke Wiersma bout troch op myn plannen. En dat is ek ferstannich."
"Ik sjoch dat Femke trochbout mei har plannen op wat ik foarsteld ha. En dat is ek net sa ûnlogysk, en ik fyn it ek ferstannich." Dat seit âld-minister fan Lânbou Piet Adema yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. De politikus wie te gast yn de earste útstjoering fan it programma, lykas CDA-riedslid Wieke Goudzwaard út Ljouwert en sjoernalist Gerrit de Boer.
-
1
Trailer: De Vrieske Wike
Yn it programma De Vrieske Wike nimt presintator Roelof de Vries dy yn in oere mei yn de wrâld fan polityk út Fryslân en dêrbûten. Hy ûntfangt nijsgjirrige gasten dy't in wichtige rol spylje yn it nijs en op it politike fjild. In het programma De Vrieske Wike neemt presentator Roelof de Vries je in één uur mee in de wereld van politiek uit Fryslân en daarbuiten. Hij ontvangt nieuwsgierige gasten die in belangrijke rol spelen in het nieuws en op het politieke speelveld.
We're indexing this podcast's transcripts for the first time — this can take a minute or two. We'll show results as soon as they're ready.
No matches for "" in this podcast's transcripts.
No topics indexed yet for this podcast.
Loading reviews...
ABOUT THIS SHOW
Yn it programma De Vrieske Wike nimt presintator Roelof de Vries dy yn in oere mei yn de wrâld fan polityk út Fryslân en dêrbûten. Hy ûntfangt nijsgjirrige gasten dy't in wichtige rol spylje yn it nijs en op it politike fjild. In het programma De Vrieske Wike neemt presentator Roelof de Vries je in één uur mee in de wereld van politiek uit Fryslân en daarbuiten. Hij ontvangt nieuwsgierige gasten die in belangrijke rol spelen in het nieuws en op het politieke speelveld.
HOSTED BY
Omrop Fryslân
Loading similar podcasts...