Oars buorkje is de takomst podcast artwork

PODCAST · society

Oars buorkje is de takomst

De lânbousektor leit al jierren ûnder in fergrutglês. Te hege CO2, metaan en stikstofútstjit, te folle dong, zoönose, soargen oer bistewolwêzen, boaiemoantaasting, fersmoarge grûnwetter en noch folle mear. De boer hat it der mar drok mei.Dyselde boer soarget ek foar ús iten, ús sûnens, de grûn, it lânskip en de greidefûgels dêr't we sa wiis mei binne . De polityk slagget der al desennia lang net yn om mei helder belied in goede balâns te finen tusken in sûne wrâld en in goed stik brea foar de boeren.Hat regenerative lânbou de takomst? Dizze wize fan buorkjen kombinearret de produksje fan iten mei natoerwerstel en wol it útputten fan de boaiem tsjingean. It draacht by oan in better miljeu en in duorsum takomstperspektyf foar Nederlânske boerebedriuwen.Yn in fjouwerdielige podcastrige besiket Gerrit de Boer mear dúdlikheid te krijen oer de takomst fan de lânbou yn Nederlân. Is de oplossing regenerative lânbou?

  1. 4

    #4: Boeren en natuer

    Nico Minnema advisearret boeren oer hoe om te skeakeljen nei in foarm fan regenerative lânbou. Meinte Engelmoer wie ekolooch by de provinsje. Hy hat in hiel soad ferstân fan it lânskip. In petear oer it spanningsfjild buorkjen en natuer. Hoe stiet de natuer derfoar? In tipke fan de sluier: se binne wol aardich optimistysk."

  2. 3

    #3: Biologysk of net

    Wêrom kiest in boer foar biologysk buorkjen en wêrom net? Jan Woudstra hat in biologysk melkfeebedriuw by Menaam en siket altyd nei in goede balâns tusken ekology en ekonomy. Hy makke de oerstap fan gongber nei biologysk, omdat hy seach hoefolle skea gongbere lânbou oan de boaiem die. Martin Brandsma hat in pleats by Skerpenseel. Hy buorket op de gebrûklike wize, mar sjocht wol dat tiden feroarje en dat saken oars oanpakt wurde moatte. Beide boeren sizze dat it útkeapjen fan boeren foar natuerwerstel neat opsmyt en sels negatyf wurkje kin.

  3. 2

    #2: Wêr is it mis gongen

    Yn ôflevering twa komt emearitus professor Jan Douwe van der Ploeg oan it wurd, earder fan de lânbou-universiteit fan Wageningen. Hy docht al tsientallen jierren ûndersyk nei ferskillende foarmen fan lânbou oer de hiele wrâld. Hy fertelt wat der, neffens him, ferkeard gien is yn ús lânbou en hoe't it oars kin. Hy is net altiten like optimistysk omdat er sjocht dat der frijwat wjerstân is.

  4. 1

    #1: In sûne boaiem

    Johannes Bakker en Theo Mulder binne de oprjochters van CO2L Farming, in stichting dy't besiket boeren op paad te helpen nei in duorsume wize fan buorkjen. It werstel fan de boaiem stiet dêrby sintraal. Bakker is soan fan in bouboer en nei in karriêre op see en as piloat is hy sûnt 2015 aktyf yn de lânbou. Theo Mulder is eigener fan in foeraazjebedriuw yn Kollumersweach. Al mear as tritich jier is hy dwaande mei in ferantwurde wize fan buorkjen en foaral mei it behâld fan de boaiem en in sûne natuer. Mulder: 'De boer is de dokter fan 'e takomst'. Oars sein as de boer sûn iten leveret soarget dat ek foar sûne minsken en minder dokterskosten. Hoe sjogge sy nei de omslach dy't yn de lânbou makke wurde moat.

Type above to search every episode's transcript for a word or phrase. Matches are scoped to this podcast.

Searching…

We're indexing this podcast's transcripts for the first time — this can take a minute or two. We'll show results as soon as they're ready.

No matches for "" in this podcast's transcripts.

Showing of matches

No topics indexed yet for this podcast.

Loading reviews...

ABOUT THIS SHOW

De lânbousektor leit al jierren ûnder in fergrutglês. Te hege CO2, metaan en stikstofútstjit, te folle dong, zoönose, soargen oer bistewolwêzen, boaiemoantaasting, fersmoarge grûnwetter en noch folle mear. De boer hat it der mar drok mei.Dyselde boer soarget ek foar ús iten, ús sûnens, de grûn, it lânskip en de greidefûgels dêr't we sa wiis mei binne . De polityk slagget der al desennia lang net yn om mei helder belied in goede balâns te finen tusken in sûne wrâld en in goed stik brea foar de boeren.Hat regenerative lânbou de takomst? Dizze wize fan buorkjen kombinearret de produksje fan iten mei natoerwerstel en wol it útputten fan de boaiem tsjingean. It draacht by oan in better miljeu en in duorsum takomstperspektyf foar Nederlânske boerebedriuwen.Yn in fjouwerdielige podcastrige besiket Gerrit de Boer mear dúdlikheid te krijen oer de takomst fan de lânbou yn Nederlân. Is de oplossing regenerative lânbou?

HOSTED BY

Omrop Fryslân

CATEGORIES

Frequently Asked Questions

How many episodes does Oars buorkje is de takomst have?

Oars buorkje is de takomst currently has 4 episodes available on PodParley. New episodes are automatically indexed when they're published to the podcast feed.

What is Oars buorkje is de takomst about?

De lânbousektor leit al jierren ûnder in fergrutglês. Te hege CO2, metaan en stikstofútstjit, te folle dong, zoönose, soargen oer bistewolwêzen, boaiemoantaasting, fersmoarge grûnwetter en noch folle mear. De boer hat it der mar drok mei.Dyselde boer soarget ek foar ús iten, ús sûnens, de grûn, it...

How often does Oars buorkje is de takomst release new episodes?

Oars buorkje is de takomst has 4 episodes. Check the episode list to see recent publication dates and frequency.

Where can I listen to Oars buorkje is de takomst?

You can listen to Oars buorkje is de takomst on PodParley by clicking any episode. We provide an embedded audio player for direct listening, and you can also subscribe via your preferred podcast app using the RSS feed.

Who hosts Oars buorkje is de takomst?

Oars buorkje is de takomst is created and hosted by Omrop Fryslân.
URL copied to clipboard!