Skip to content
Boekekast podcast artwork

PODCAST · arts

Boekekast

by Omrop Fryslân

Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Dat binne 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer. Sjoch ek op www.uitgesteldgeluk.nl

Publisher-supplied feed metadata · PodParley refreshed Apr 17, 2026 · Source feed

Episodes

  1. 2022-8 Anita Terpstra, 'Het Feest'

    Hij trok haar mee. Het leek wel of iedereen een tomeloze energie bezat, want zelfs na uren dansen leek het nog drukker op het stuk gras dat dienstdeed als dansvloer. Zweet en drank vlogen in het rond. Er werd gesprongen, gejoeld en geschreeuwd. De stemming was uitgelaten. 'Iedereen danst alsof…

    more
  2. 2022-7 Koos Tiemersma, 'Fan bosk en iepen fjild'

    Lykas de rûzjende beek yn 'e djipte meänderet de werklikheid achter harren oan, it oantinken oan wat west hat, fongen yn it ljocht fan in sinne dy't sûnt jier en dei smoart yn it wolketek dat de ierde omklammet, in beroete each, dat de trije flechtlingen kinne amper sjen wêr't se har fuotten...

  3. 2022-6 Nyk de Vries, 'Sille wy in spultsje dwaan?'

    It gebeurde wol faker, dat ik te lang mei wat trochgie. 'Sille wy in spultsje dwaan,' hie ien sein, healweis dy sneintemiddei, yn dy lytse studintikoaze keamer oan de Fiskmerk. 'Wa't it langst stil wêze kin.' It doel wie fansels om de bern kalm te krijen, dy't mar omtjirgen en al twa glêzen…

    more
  4. 2022-5 Welmoed Wijma, Rozijnenbrood met brandnetelkaas'

    De geheime etenswaren in mijn la leken een warm licht af te geven. Als ik 's avonds in het donker in slaap probeerde te komen, ingesnoerd door veel te strak gespannen lakens, dacht ik aan het rozijnenbrood en de brandnetelkaas. Was dit misschien wat Adam en Eva ervoeren, nadat ze hadden gegeten…

    more
  5. 2022-4 Sietse de Vries, 'Parkeare yn it paradys'

    Patrick joech him op 'e leuning fan de túnbank del en sei: 'As ik it goed begrepen ha, is it oan ús om út te finen wat der noch oan dit rikeljusplak ûntbrekt om der in paradys fan te meitsjen. En dêr binne wy folslein eigen baas yn.' Ik knikte. 'Dat is wêr't it yn dit eksperimint om giet: sjen…

    more
  6. 2022-3 Nicole van den Berg, 'Gemeenschapsgrond'

    'Ik heb een lange dag. Het is tuincontrole.' 'Waarom moet jij dat weer doen? Gaat er iemand mee?' vroeg ze. 'Nee, het is maar een kleine wijk.' 'Maar ook een slechte wijk.' Zijn vrouw klikte de broodtrommels dicht met extra venijn. Dat deed ze altijd als ze bezorgd was. Nicole van den Berg skreau...

  7. Boekekast 2022-2 Berber Bouma, 'Wjukken'

    'Op 'e moaie dagen kaam Lútzen by har lizzen, socht in plakje yn har hals. Earst fielde it kribeljen fan de fearkes tsjin har hûd frjemd oan, mar it waard al gau eigen. Lútzen fertroude har, woe by har wêze en sy hie wer ien om har leafde oan te jaan.' Berber Bouma skreau it koarte ferhaal...

  8. Boekekast 2022-1 Bart Kingma, 'Fjoerseelân'

    'Sa hearden hja alle dreamen fan elkoar, geef, gol en glei. It wûn de minsken op. It duorre net lang of se hienen meielkoar in kompleet loftkastiel skepen, dat se sabeare bouden op it eastlike heuveltsje yn see dêr't se mei kleare loft op útseagen. Elk waard der fleurich fan. Rillegau begûnen se...

  9. Boekekast #8: 'It suske fan', in ferhaal fan Thys Wadman

    Ik lit my achteroer falle op de learen bank. Ik fiel it swit yn myn nekke as ik myn holle tsjin it kâlde kessen fan de bank triuw. Ik skop myn sneakers út, klap myn fuotten op it taffeltsje en doch de eagen ticht. Ik fiel myn hertslach yn myn holle en yn myn hals en ik hymje as ha 'k krekt in…

    more
  10. Boekekast #7: 'Hoe't ik it fjildfirus skipe', in ferhaal fan Lida Dykstra

    It wie de tiid dat radio's in grien each hiene, dat popgroepen mei bistenammen de hitlisten bestoarmen en prinsessen harren ferloofden. Dat klanten net foarby de toanbank yn de winkels kamen, mar geduldich wachten oant de winkelman sels de waar fan de planken pakte, om dêrnei mei in stompke…

    more
  11. Boekekast #6: 'Gjin fleis mear', in ferhaal fan Jaap Krol

    De barbecue dy't it buertsje organisearre, wie net echt foar de bern bedoeld. Wiebe Santema heit fan twa, helpdeskmeiwurker sûnder hier en yn syn frije tiid in betûft kajakfarder hie mei Jouke Zwerver heit fan trije, prosesbegelieder, troud mei Lubke en yn syn frije tiid meastal dwaande mei de…

    more
  12. Boekekast #5: 'Lost in Translation', in ferhaal fan Jetske Bilker

    Op it sollisitaasjepetear die bliken dat it om in oare baan gie. Dêr siet ik, yn myn moaie jurk en mei in earstegraadsfoech foar Frysk. Mar myn diploma's leinen by Frits. 'Wat sikest krekt yn 'e berne-opfang?' frege de jonge frou mei de reade hynstesturt. Ik wíe al oerkwalifisearre, mar dit…

    more
  13. Boekekast #4: 'Dûke, verdammt noch mal', in ferhaal fan Geart Tigchelaar

    As ik it lêste tsjil pak om oan it ûnderstel fêst te meitsjen, stiet myn soan Jacco ynienen yn 'e iepening fan 'e carport. 'Dus dochs?' freget er nei de bekende wei. 'Ja, dus dochs,' sis ik justjes nitelich, om't wy der al safolle wurden om smoarch makke hawwe. De ienmansûnderseeboat út 'e Twadde...

  14. Boekekast #3: 'It moaiste', in ferhaal fan Piter Boersma

    Libbe siet op 'e bank en seach nei de swarte kroltsjes fan syn pakesizzer. It jonkje siet al in healoere by him op 'e skoat en hie de tomme yn 'e mûle. Der wie neat dat him en Roland mear nei 't sin wie as dit. It ferhaal 'It moaiste' is skreaun troch Piter Boersma en wurdt foarlêzen troch Rein...

  15. Boekekast #2: 'Trije Friezen en in Turk', in ferhaal fan Ferdinand de Jong

    Mei in plof lit Auke him op it bankje falle. Op syn fêste plak, it fierste hoekje. Dêr set er de soerstofflesse njonken him op de grûn. Hy sjocht even op de mjitter, de wite izeren buis sit noch trijekwart fol. Krekt as op de measte dagen is er earst. Dat komt moai út, want dan kin er even…

    more
  16. Boekekast #1: 'Old school', in ferhaal fan Hilda Talsma

    'Wêrom giet mem net op Tinder?' freget Brecht. Mar dêr sit Pytsje net op te wachtsjen. En se wol ek net nei 'First Dates'. Dy moderne dating-metoaden, neat foar har. Mar dan fynt se har âlde poezyalbum werom, mei dêryn de namme fan in geheime jeugdleafde. Dan lûkt Pytsje de stoute skuon oan. It...

  17. Boekekast #16: De koma-korrektor fan Baukje Zijlstra

    De Koma-Korrektor, yn 2018 ferskynd by de Afûk, is Baukje Zijlstra har debútroman. Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him nei de oarloch, yn 1945 oanmelden as...

  18. Boekekast #15: Wek yn 'e rivier fan Durk van der Ploeg

    Wek yn 'e rivier is it ferhaal fan in húshâlding dy't troch de oarloch útinoar skuord wurdt ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad stiet fan Ake. De húshâlding, dy't, mei inkelde ûnderdûkers libbet op in pleats yn de Dongeradielen libbet rekket yn it fersetswurk behelle. Mei…

    more
  19. Boekekast #14: Hierbak fan Sietse de Vries

    Yn 'Hierbak' komt Sjerp foar in drege kar te stean. Of trije kriminelen út de wei romje, of sels fermoarde wurde troch Piter, in man dy't te pas en te ûnpas yn syn hûs opdûkt. Kin Bak de krimineel Achmed Nochwat rêde troch him yn in âld arkje te ferstopjen, sûnder dat Piter dat yn 'e gaten…

    more
  20. Boekekast #13: Twa ferhalen fan Hylkje Goïnga

    De ferhalen 'Jantsje ..., Ja heit ...' en Marcello komme út de bondel 'Tsien fan Hylkje', yn 2016 ferskynd by de Afûk. Foar dizze bondel socht Douwe Kootstra tsien ferhalen fan Hylkje Goïnga út. Yn har humoristyske koarte ferhalen stelt de skriuwster it ûnwierskynlike gauris foar as deagewoan.

  21. Boekekast #12: De kleur fan Drinte fan Anne Feddema

    Anne Feddema is in alsidich keunstner. Hy is aktyf as dichter, skriuwer fan kollums, skilder, muzikant en performer. Anne Feddema skreaun in tal jierren radiokollums yn it Liwwarders, dichtsjen docht er yn it Frysk. It ferhaal De kleur fan Drinte komt út it literêre tydskrift Ensafh nûmer 6 2018,...

  22. Boekekast #11: Heech Tymo, sjoch omheech fan Koos Tiemersma

    Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei te luilakjen op de bank dêr't Tymo sa graach op sitte mei om te gamen. Dêrom wol Tymo dy nije flam fan syn mem sa gau mooglik ta de doar út hawwe....

  23. Boekekast #10: Noorder Dierenpark fan Geert Nauta

    It ferhaal Noorder Dierenpark komt út de ferhalebondel 'In soarte fan bûgjen' fan Geert Nauta. De bondel stiet fol mei subtile satire en in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. It ferhaal Noorder Dierenpark yn dizze Boekekast wurdt foarlêzen troch Eric Ennema.

  24. Boekekast #9: Stosân fan Anders Rozendal

    Stosân, yn 2017 útjûn, is in aktueel, ûnderhâldend en betiden spannend boek. Dictus en Ina, op fakânsje mei de kemper ûnderweis fan Frankryk nei Dútslân, wurde op in parkearterrein oansprutsen troch in sekere Jacques. As Jacques fuort is, docht net allinne bliken dat er Dictus en Ina foarliigd…

    more
  25. Boekekast #8: Twa ferhalen fan Sipke de Schiffart

    Foar it ferhaal 'In bysûndere moeting' krige De Schiffart yn 2018 de Rely Jorritsmapriis. It ferhaal is earder ferskine yn it Rely-nûmer fan it tydskrift Ensafh. Dit ferhaal is as earste te hearren yn dizze Boekekast. Dêrnei folget de foarpublikaasje fan De Schiffart syn roman 'Sjappy'. Dit…

    more
  26. Boekekast #7: Famke famke fan Ale S. Van Zandbergen

    Yn dizze sânde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint út 'Famke famke' fan Ale S. Van Zandbergen. 'Famke famke' fertelt it ferhaal fan dosint Nederlânsk Haije Alkema. It lesjaan jout him net mear in protte foldwaaning, leaver skôget er skilderijen mei syn maat Konrad...

  27. Boekekast #6: Renger fan Nyk de Vries

    Yn dizze sechde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint út 'Renger' fan Nyk de Vries. In jonge Fryske skriuwer, dwars yn de omgong, nimt yn syn wenplak Amsterdam in lift oan fan de mysterieuze Renger. Hoe faak hat syn heit, in súnige boufakker dy't alles sammelt dat los…

    more
  28. Boekekast #5: Wurk fan Elske Schotanus

    Yn dizze fiifde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'Wurk' fan Elske Schotanus. As op in dei twivele wurdt oan de kapasiteiten fan Jasper, beslút er fan it iene op it oare momint syn wurk by in marketingadvysburo farwol te sizzen. Hieltyd mear besteget...

  29. Boekekast #4: De trekker fan Troje van Hein Jaap Hilarides

    Yn dizze fjirde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'De trekker fan Troje' fan Hein Jaap Hilarides. Friso Wassenaar is lobbyist yn Brussel. Hy wrakselet mei syn identiteit yn it postmoderne Europa. Syn twillingbroer Hero sit op de pleats dêr't de...

  30. Boekekast #3: De Achttjin fan Aggie van der Meer

    Yn dizze tredde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'De Achttjin' fan Aggie van der Meer. Sintraal stiet de situaasje yn Tsjecho-Slovakije nei de selsferbaarning fan Jan Palach neidat Moskou yn 1968 mei geweld in ein makke hie oan de saneamde ‘Praachske...

  31. Boekekast #2: De nacht fan Mare fan Willem Schoorstra

    Yn dizze twadde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'De Nacht fan Mare'. Mare fan santjin en Thomas fan twaentweintich binne de haadpersoanen yn 'De nacht fan Mare'. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman...

  32. Boekekast #1: De parallaks fan Janneke Spoelstra

    Yn dizze earste Boekekast in fragmint út 'De parallaks' fan Janneke Spoelstra. Yn de roman 'De parallaks' komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy't tritich, Lokke dy't fyftich en Wyb dy't santich wurdt. Alle trije identifisearje se har as lesbysk, mar troch it leeftiidsferskil is…

    more

Type above to search every episode's transcript for a word or phrase. Matches are scoped to this podcast.

Searching…

We're indexing this podcast's transcripts for the first time — this can take a minute or two. We'll show results as soon as they're ready.

No matches for "" in this podcast's transcripts.

Showing of matches

No topics indexed yet for this podcast.

Loading reviews...

ABOUT THIS SHOW

Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Dat binne 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer. Sjoch ek op www.uitgesteldgeluk.nl

HOSTED BY

Omrop Fryslân

CATEGORIES

Frequently Asked Questions

How many episodes does Boekekast have?

Boekekast currently has 32 episodes available on PodParley. New episodes are automatically indexed when they're published to the podcast feed.

What is Boekekast about?

Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Dat binne 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer. Sjoch ek op...

How often does Boekekast release new episodes?

Boekekast has 32 episodes. Check the episode list to see recent publication dates and frequency.

Where can I listen to Boekekast?

You can listen to Boekekast on PodParley by clicking any episode. We provide an embedded audio player for direct listening, and you can also subscribe via your preferred podcast app using the RSS feed.

Who hosts Boekekast?

Boekekast is created and hosted by Omrop Fryslân.
URL copied to clipboard!