EPISODE · Sep 18, 2024 · 52 MIN
It libbensferhaal fan Sijtje van der Lende
from Buro de Vries (Podcast) · host Omrop Fryslân
Yn beweging bliuwe salang't it kin. Dat is it biedwurd fan Sijtje van der Lende, âld-topreedrydster en sûnt har ôfswaaien reedrydtrainster. Sijtje van der Lende waard berne op 31 jannewaris 1950 yn Sonnegea, in lyts doarpke ûnder de reek fan Wolvegea. Har âlden hiene in foar dy tiid reedlik grut boerebedriuw mei sa'n 30 kij, ierappels, weet en biten. Van der Lende stiet fan jongs ôf oan faak op redens. As it kin, docht se mei oan de koartebaanwedstriden yn de omjouwing. Se falt op en wurdt fia de provinsjale seleksje úteinlik selektearre foar de kearnploech mei grutheden as Stien Baas Kaiser, Carry Geijssen, Ans Schut en letter Atje Keulen-Deelstra. Van der Lende hold yn 1982 op mei har aktive reedrydkarriêre. Dochs stiet se noch faak op it iis. Se is no 74 jier, mar noch net fan doel om op te hâlden. Se traint noch altyd by Team Frysk en jout ek les oan húsfroulju. Yn dizze podcast fertelt se oer har libben.
What this episode covers

NOW PLAYING
It libbensferhaal fan Sijtje van der Lende
No transcript for this episode yet
Similar Episodes
Mar 26, 2026 ·1m
Jan 2, 2026 ·47m
Dec 21, 2025 ·46m