Nije ynformaasje oer de 'Eanjumer pensjonmoarden' fan 1997 yn nij boek episode artwork

EPISODE · Nov 30, 2022 · 17 MIN

Nije ynformaasje oer de 'Eanjumer pensjonmoarden' fan 1997 yn nij boek

from Buro de Vries (Podcast) · host Omrop Fryslân

25 jier nei dato ferskynt der in boek oer de dûbelde moard yn Eanjum. Op it terrein fan pensjon Het Station waarden mei de krystdagen fan 1997 twa lichems fûn. Pensjonhâldster Marianne van der E. waard as skuldige oanwiisd.Yn it boek 'De heks van Anjum' beskriuwt sjoernalist Margriet Brandsma wiidweidich hoe't de situaasje doetiids yn Eanjum wie. Troch petearen mei freonen krijt de lêzer in yndruk fan Marianne van der E. En dy yndruk is twaslachtich: in soad freonen beskriuwe har as in tige sosjale, aardige en humoristyske frou. Tagelyk krijst as lêzer ek it byld fan in frou dy't it paad sa no en dan bjuster is. In frou dy't frjemde dingen docht en rûzje makket.  Hoe fierder Margriet Brandsma komt mei har ûndersyk, hoe faker se tsjin fraachtekens oanrint. Guon saken doge net en hoewol't se net sizze kin dat Marianne ûnskuldich is, wurdt har wol dúdlik dat fan it begjin oan Marianne as dieder sjoen is en dat alles dat dêr nei wiist troch it Iepenbier Ministearje meinommen is. Der binne lykwols ek saken dy't net yn it ferhaal passe. 

Episode metadata supplied by the publisher feed · Published Nov 30, 2022

Embed this episode

NOW PLAYING

Nije ynformaasje oer de 'Eanjumer pensjonmoarden' fan 1997 yn nij boek

0:00 17:43

No transcript for this episode yet

We transcribe on demand. Request one and we'll notify you when it's ready — usually under 10 minutes.

No similar podcasts found.

Frequently Asked Questions

How long is this episode of Buro de Vries (Podcast)?

This episode is 17 minutes long.

When was this Buro de Vries (Podcast) episode published?

This episode was published on November 30, 2022.

Can I download this Buro de Vries (Podcast) episode?

Yes. Use the download control on the episode player to save the publisher-provided media file.
URL copied to clipboard!